Hea! fan 17 jannewaris 2012

It is ea begûn mei in kening yn Gana dy't tûzenen klompen ha woe foar syn ûnderdienen. Doe moasten der sokken breide wurde foar yn 'e klompen en kaam der in karnavalsliet. De Fryske stifting Akwadaa Asana set him al jierren yn foar goeie doelen yn Gana en hat it no ek drok mei dizze klompen en de sokken. Mar hawwe se de grutste klomp fan 'e wrâld yn it Oeriselske Enter ek stellen?

En yn Rotstergaast wolle Dennis en Stefan trekkerride mei heity. Dennis makket nuvere lûden en naait út. Stefan fertelt moaie ferhalen oer heity.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)