Hea! fan 17 febrewaris 2016 18:20

Gerrit en Erwin út Britsum ha in klusjesbedriuw opset om sa jild te fertsjinjen om harren hok te ferbouwen. It bedriuw hat sels in eigen namme: BVL. En in eigen facebookside. De jonges binne noch mar 12 jier mar ha it der no al tige drok mei. Se dogge alderhande putsjes foar minsken yn de buert en fertsjinje der goed mei. Sels freonen helpe mei, mar dy krije der gjin jild foar! It jild ynvestearje se yn de ferbou en ynrjochting fan harren hok.

Yn Lytsewierrum komme we Richard Hofstra tsjin. Hy beried in ponykarre mei de Welshponny derfoar. Richard is 16 jier mar keapet sûnt syn 12e al jonge ponnys. Hy beleart se en ferkeapet se dan wer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)