Hea! fan 17 febrewaris 2014 17:40

Troch de warbere hannen fan Gurbe van Brug is de Boalserter binnenstêd altyd skytskjin. Eltse dei rint Gurbe mei syn karre en biezem troch stegen en strjitten en rommet hy alle rommel op. Gurbe docht dit frijwillich en hy docht it mei leafde. De ynwenners fan Boalsert binne dan ek tige wiis mei him.

En Hea! seit Goeie yn Menaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)