Hea! fan 17 desimber 2011

Op de soarchbuorkerij De Pleats yn Himpens wurdt in krystmerk hâlden. Der is in soad opknapt oan De Pleats it ôfrûne jier en de krystmerk is in moaie gelegenheid om sjen te litten hoe moai as it wurden is. De trije kliïnten fan De Pleats hawwe it mar drok mei de opbou fan de merk, en ek de hûsbaarch ûntkomt net oan de krystsfear.

Op De Gordyk stiet in groepke manlju op 'e hoeke fan 'e strjitte. De fraach fan ferslachjouwer Janko Krist is fansels: 'Wêr hawwe jim it oer?' No, oer de dea en it libben, oer it kabinet en de frou fansels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)