Hea! fan 17 april 2014 17:40

Kristlike basisskoalle De Twatine yn Gau moat nei hast fyftich jier de skoalbus ôfskaffe. Al dy jierren hawwe in soad frijwilligers en âlden bern fan groep 1 oant en mei 3 fan bûten it doarp alle dagen nei skoalle brocht. Der binne op dit stuit noch mar seis bern. Ynkoarten gean wer trije bern fuort. It sjocht der net nei út dat der mear bern bykomme. De Gausters binne der net bliid mei dat de bus net mear ride kin, mar se meitsje der dochs in feestje fan...

Herman Tromp fan Stiens hat in tún fan goed 1100 fjouwerkante meter dêr't alles groeit en bloeit...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)