Hea! fan 16 septimber 2014 18:20

De toulûkploech fan It Heidenskip ien fan formaat. Se ha in Nederlânske titel en binne ôfrûne febrewaris yn Ierlân twadde wurden op it WK. Se traine twa of trije kear yn 'e wike en binne ferskuorrend fanatyk. Se binne krekt wer begûn mei de trainingen en it giet der no al wer flink om wei...

Andreas Schelfhout is op dit stuit dwaande om it miniatuersirkus Sarrasani dat boud is troch syn heit wer hielendal op te bouwen yn it koetshús fan Fogelsanghstate yn Feankleaster. Syn heit wie gek fan it sirkus en is yn de jierren 30 begûn mei it neibouwen fan it grutste sirkus yn Europa doedestiids en sûnt twa jier is it sirkus yn it besit fan Andreas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)