Hea! fan 16 oktober 2014 18:20

Ymkje Ytsma wie yn jannewaris by ús te sjen yn de dokumentêre 'Beheind yn de beheining'. Doe wie se drok oan it oefenjen foar it toanielstik 'Showbizzz'. Ferline wike freed waard nei oardel jier oefenjen it stik opfierd yn Drachten. Yn Hea kinne jo meimeitsje hoe spannend it wie foar Ymkje en de oare spilers fan De Rode Loopers om har stik foar it publyk op te fieren.

En yn Goeie geane we it dak op yn Tsjalbert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)