Hea! fan 16 novimber 2016 17:35

Radiopiraten as Pinkeltje, de Alpenjager en de Friese Duivel wiene ea in begrip yn Appelskea en omkriten. Yn de jierren 70/80 wie benammen eastlik Eaststellingwerf in bolwurk fan yllegale piratestjoerders. En dy tiid is no wer werom. Want elke sneintejûn binne in tal Stellingwerver piraten, werûnder Kareltje Zekering en de Zwarte Boekanier, wer te hearren op 'e radio. Se draaie fansels allinnich finyl mar dogge dat no wol legaal, by de lokale Omrop Odrie yn Easterwâlde.
En it winkeltsje oan de Merkebuorren 63 yn Wynjewâld is al 28 jier ticht mar oan it ynterieur en ynventaris is sûnt dy tiid noch neat feroare. It lytse saakje is no in soarte fan museum. Op woansdei en tongersdei is dit unike winkeltsje sûnt dit jier wer iepen. Michiel en Sippy Postma ha dan ierappels te keap.

De piraten binne werom yn Easterwâlde

De piraten fan de Stellingwerven binne wer werom op de radio mar misse wol de spanning fan it yllegale.

Iierappels te keap yn unyk winkeltsje yn Wynjewâld

It winkeltsje fan Michiel en Sippie Postma.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)