Hea! fan 16 maart 2016 18:20

Famke's Pleats yn Koarnjum is in spesjaal bistepensjon. Eigenaresse Natasja Woudstra wurket der mei minsken mei in beheining. Elk deidiel binne der sa’n fjouwer oant seis dielnimmers dy’t harren eigen taak hawwe. Se fine it wurk prachtich En de bisten profitearje, dy krije in soad oandacht!

Joop van der Tuin fan De Harkema is better bekend as de Zwarte Ridder. Al fan syn 14e jier ôf is hy dwaande as sendpiraat. Mar neidat hy ferskate kearen pakt is en hege boetes krigen hat, stjoert hy no fia spectrumfm út. Elke sneon fan 20.00 oere ôf makket hy yn syn studio in programma mei fersykplaatsjes en praatsjes fia de chatbox.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)