Hea! fan 16 maart 2015 18:20

Sip van der Weide út Ljouwert hat sa'n fyftich jier in ambachtlike saak hân dêr't je fan alles slypje litte koene. Hy slipe it ark foar koks en grienteboeren, mar ek redens. De winkel is yntusken ticht, mar ien kear yn de trije moanne feroaret hy dochs de etalaazje. Hy fynt dat leuk foar de minsken dy't dan del rinne.

DJ by Radio Stad Harlingen en boargemaster fan de stêd Harns. Gruttere tsjinstelling kinne je net betinke, mar it is wol wier. Paul Scheffer hat seis jier boargemaster west fan Harns en is folslein ophâlden mei wurkjen. Dêrnei koe hy syn grutte passy oppakke en is no ien kear yn de fjouwer wike te finen by Radio Stad Harlingen.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)