Hea! fan 16 july 2012

Yn Easternijtsjerk kinne je in hiele frjemde fyts tsjinkomme. It is de walk-in fyts fan de postboade, frou De Jong. Je stappe net op 'e fyts, mar eins yn 'e fyts. De man fan frou De Jong fûn dit wol in fyts foar har, mar sels seach se der earst frjemd tsjin oan. Mar no't se der oan wend is, wol se net oars.

Ut it Hea! simmerargyf:
It is in bekend figuer yn Aldeberkeap: Jan 'Bokje' Bijker. Hy makket graach in kuiertocht mei syn bok troch de buert en as it moai waar is, leit hy achter it hûs op 'e lisstoel en krûpe alle fiif hûnen op him. Hy krijt ek wol ris wat fan oare minsken en hy mei graach yn 'e hûs himmelje. (earder útstjoerd op 14-03-2012)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)