Hea! fan 16 april 2012

It hat in skoftke stil west yn 'e wurkpleats fan klompmakkerij Scherjon yn Noardburgum. Mar 2 moanne nei it ferstjerren fan Eelke Scherjon is soan Jilles wer oan 'e slach. Foar it earst moat hý no de klompen meitsje, en hy is tige tefreden oer syn earste eksimplaren.

In bysûnder gesicht yn Parregea. Dêr wurde twa hûnen útlitten yn in bolderwein. Frou Teernstra kuiert moarns altyd mei har hûn en dûmny Groeneveld middeis. Beide hûnen binne eins te âld om noch in hiel ein te rinnen, en dan is sa'n bolderwein in útfining.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)