Hea! fan 15 septimber 2012

  • Tetje Zuidema en har mem

Yn Hea! hjoed it bysûndere ferhaal fan de 34-jierrige Tetje Zuidema en har mem. Sûnt in operaasje, rom fiif jier lyn, net goed gongen is kin Tetje allinnich noch mar har eachlidden bewege. Dochs kin Tetje noch kommunisearje. Sy brûkt as iennige yn 'e wrâld in kompjûtersysteem om troch te praten. Ek kin se sa de tillevyzje oan krije, en sa ek nei Hea! sjen. Tetje sjocht alle dagen út nei it middeisskoft, want dan komt mem mei it waarme iten. Mei mem praat Tetje troch it brûken fan kaartsjes mei letters. De froulju kinne sa noch hiel wat beprate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)