Hea! fan 15 oktober 2012

Yn Easterwâlde hawwe se sûnt foarige wike in 'leafdesbrêge'. Yn it bûtengebiet hingje oan de Jardingabrêge no slotsjes mei de inisjalen fan leafdespearkes, nei Frânsk foarbyld. Ek Thomas en Imkje hawwe der in slotsje oanhongen.

In groep ynwenners fan Holwert set eltse jûn ôf nei de pier om de lêste boat fan It Amelân ôf te wachtsjen. Achter it stek besjogge se dan wat der sa al fan de boat rôljen komt. Mei kommentaar fansels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)