Hea! fan 15 novimber 2016 17:35

Neat gjin Lexa of Tinder, mar nije freonskippen en leafde âlderwetsk fine op de dûnsflier. It dûnsjen foar 50plussers by dûnsskoalle Saco Velt yn Ljouwert is razend populêr. Want dûnsjen is net allinnich goed foar de beweging, mar ek om wer ûnder de minsken te kommen. Al kinne der noch wol wat mear manlju by...
Egbert Hadderingh fan Garyp genietet fan syn pensjoen en hat no alle tiid om de auto fan syn frou te waskjen. Hy wie manager, mar no is sy dat thús.

Dûnsjen foar 50-plussers

Lekker bewege, en yntusken ek noch nije freonskippen en relaasjes fine. It dûnsjen foar âlderen docht it goed by dûnsskoalle Saco Velt yn Ljouwert. Al fine de dames dat der noch wol wat mear mannen by kinne.

Autowaskje

De auto fan de frou glimt wer as in spegeltsje. Egbert Hadderingh fan Garyp hat alle tiid foar autohimmeljen sûnt er út it wurk is. En hy hat gjin spyt dat er dêr mei ophâlden is.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)