Hea! fan 15 maaie 2014 17:40

De eksamens binne dizze wike wer úteinset. En by eksamens heart eksamenstress. Alberta van der Heide hat dêr wat op fûn. Se jout yoga-lessen oan eksamen-kandidaten op skoallemienskip Singelland yn Drachten. Har advys: Mei stress moatte je net noch langer mei de noas yn de boeken mar júst ûntspanne op in kleedsje.

En de sinne wie der noch mar krekt mar it wie alwer drok yn it iepenloftswimbad Mounewetter yn Wytmarsum. En hoewol it wetter lekker waarm is, op 'e kant yn it swimpak hâldt it noch net oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)