Hea! fan 15 juny 2016 18:20

De Harnzer bakkeburdklup organisseare it ôfrûne wykein de Unofficial Side-burns & Tatto Meeting. En dat diene se al wer foar de tsiende kear. Op dizze meeting stean tattoo's en bakkeburden sintraal. Der kamen fans op ôf út binnen- en bûtenlân.

It is fan 'e wike nasjonale túnwike. En dêrom stelle guon túnleafhawwers kommend wykein harren tún iepen foar besikers. De ôfdieling Groei en Bloei fan Frjentsjer hat dit jier keazen foar stedstunen. Sa binne jo sneon wolkom yn fiif tunen yn de binnenstêd fan Frjentsjer. Hea! gong alfêst op besite by in prachtige tún oan de Eise Eisingastrjitte. Foar mear ynfo sjoch op: franeker.groei.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)