Hea! fan 15 juny 2013

Nije wike is it wer Oerol op Skylge en by Tryater yn Ljouwert hienen se it der dizze wike al tige drok mei. Tryater spilet dêr de foarstelling Heimwee naar Hurdegaryp en dêr wienen spesjale heimwee-teepûdsjes foar nedich. En dus siet in hiele groep frijwilligers middeis om 'e tafel mei de tee en de pûdsjes.

Harrie Harrewar is in artyst dy't mei syn bisten bekend wurden is troch it tillevyzjeprogramma Holland Got Talent. Hy is yntusken delstrutsen yn it doarp De Houtigehage. Dêr bewennet hy in waldhúske fan it Doarpsbelang mei de betingst dat hy wat foar it doarp werom dwaan moat. Harrie Harrewar hat hiele plannen.

(ek by Harrie Harrewar sjen? Dizze snein is der in gesellige middei oan de Skoallewyk 12 yn De Houtigehage, mei ûnder oaren in skieppeskearder en optredens fan Harrie Harrewar)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)