Hea! fan 15 july 2013

  • Spikerstêd Harns

In dikke 200 bern en in lytse hûndert frijwilligers hawwe foarige wike wer in grutte spikerstêd boud yn Harns. Op it lân fan boer Kingma is dagenlang spikere en boarte. Tongersdei wie de lêste dei, en waard de lêste hân lein oan de bouwurken.

En út it Hea! argyf de útstjoering fan 23 maaie:
Richtsje de Boer fan Drachtsterkompenije is grutte freonen mei Rakker. Richtsje is tsien jier âld en Rakker is krekt ien jier wurden, mar liket wol in puber. Rakker is dan ek in hokkeling. As ko makket hy rare bokkesprongen. Ek liket er somtiden wol in hynder, want oer in hindernis springe kin hy ek al. Richtsje hat it mar drok mei har puber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)