Hea! fan 15 jannewaris 2014 17:40

Jûn yn HEA!

Dizze wike ferhúzje 46 bewenners fan Bornia Herne nei it nagelnije soarchsintrum Abbingahiem yn Ljouwert. Mar fier fuort is de nije lokaasje net, de bewenners hoege allinnich mar nei de oare kant fan de strjitte. Dochs is it in hiele operaasje foar de bewenners en meiwurkers. Frou Romkema giet ek de dyk oer en se wurdt keninklik ûntfongen yn har nije stee.

En Hea! seit Goeie yn De Houtigehage.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)