Hea! fan 15 jannewaris 2013

Foar in rút yn de Kleine Kerkstraat yn Ljouwert is in prachtich wintersk tafriel te sjen. Maaike van Gils bewennet it iennichste wenhûs yn dizze winkelstrjitte en hat de alvestêden yn de finsterbank set. De Kleine Kerkstraat wol wer de moaiste winkelstrjitte fan it lân wurde en dêr wol Maaike op dizze wize ek har bydrage oan leverje.

En noch ien kear de krystbeam. It Hea! team seit Goeie! tsjin in frou dy't har beam de doar noch net út hat. Dat is fanwege de sels breide kryststâl dy't ûnder de beam stiet.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)