Hea! fan 15 febrewaris 2012

Fûgelhokjes foar de maaitiid
De maaitiid komt yn sicht, en sadwaande binne se by Talant op houtwurkpleats De Klamp yn Surhústerfean drok dwaande mei it meitsjen fan fûgelhokjes. Alle dagen
binne se der oan it timmerjen. Se hawwe wol 15 ferskate modellen, want eltse fûgelsoart hat sa syn eigen maten. En neffens de makkers hat eltse fûgel rjocht op in feilich en rêstich briedplak.
 
In fiskersboat as oefenprojekt
Op it Liudger College yn Drachten bouwe learlingen in fiskersboat mei trailer. Sis mar it echte wurk. De learlingen fan de ôfdieling metaaltechnyk dogge it laswurk en de oankommende elektrisiens soargje foar de ynstallaasje fan de djiptemeter, de ferljochting en al it oare elektra. De jongens fine it prachtich: hoe grutter, hoe better. Se wolle sels yn it skoft trochwurkje om in put ôf te meitsjen.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)