Hea! fan 15 desimber 2016 17:35

Moarns ier en betiid is it al drok op de app fan Hedwig Ydema fan Hidaard. Dan start it deistich ritueel hoe let as elkenien by de feart fan Reahûs wêze sil. Mei in fêst groepke swimme se eltse moarn foar it wurk....ek yn de winter. De earste minút is it pine, mar dêrnei jout it allinnich mar in kick. En it lichem stiet wer oan!

“It hat wol moai west, en emosjoneel wurd ik der ek net fan”...sa seit Harm Haitsma fan Dokkum. Nei 50 jier hâldt hy op as fytsmakker. Tsjintwurdich hinget hy de fytsen oan de kompjûter, mar ek sûnder syn âlderwetske kieslûker kin hy it putsje net dwaan.Yn it nije jier is it definityf klear en wurdt it tiid foar de famylje. Dêr hat er in soad nocht oan.

Swimme yn it bûtenwetter

It is efkes troch de pine hinne, mar better dan sa kinne je de dei net begjinne. Elke moarn in dûk yn de Frjentsjerder feart by Reahûs.

Fytsmakker Harm hâldt der mei op

Nei 50 jier hâldt Harm Haitsma fan Dokkum dermei op as fytsmakker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)