Hea! fan 15 desimber 2012

It is in spannende dei foar de 90-jierrige Jitske Postma fan Sint Anne. Sy hat trije jier op in tydlik plak wenne, wylst soarchsintrum Beuckelaer ferboud wurde. No is it safier en kin sy nei har nije wente. Frou Postma kin der hast net oer út hoe moai it yn har nije thús is. Sa moai hat se it noch nea hân. By it ferhúzjen komme je ek ûnferwachte dingen tsjin.

Yn Hallum hat Douwe Bakker in romte fol ark. Bakker makket al 60 jier fan alles en noch wat, ûnder oaren fan izer. De frou hoecht him mar wat oan te wizen, en hy makket it. Hy is goed sûnich op syn ark.

En it momint komt út Britsum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)