Hea! fan 15 augustus 2013

  • Willem Boonstra en soan

Yn Hea! sizze wy Goeie! tsjin twa famkes dy't oan 'e dyk guod oan it ferkeapjen binne. Se wolle der graach in bûssint mei fertsjinje, mar fielen harren nó al ryk.

En út it simmer-argyf ditkear in reportaasje fan 13 maaie 2013.
Yn Beetstersweach treffe wy Willem Boonstra. Hy is drok dwaande om peallen de grûn yn te slaan. Hy wurket foar 'de baron' en hâldt de landerijen by. Thús hat Boonstra noch in ko op stâl stean dy't op it punt fan kealjen stiet. Tegearre mei soan Tjalling sit Willem nei it wurk altyd yn in hok achter it hûs. Want mem hat binnen de boel opknappe litten en no fiele de manlju harren dêr net mear thús. Se sitte leaver tusken it nostalgyske guod.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)