Hea! fan 14 oktober 2014 18:20

By basisskoalle it Kompas út Harns sille se hjoed te ringstekken. Op in shetlander of in fjord sille alle bern it parkoers ride. Alle tiden en punten wurde byhâlden en oan 'e ein fan de dei sille moaie kleurde rozetten útdield wurde.

Doe't Jan Bosma fan Noardburgum ophâlde mei fuotbaljen, woe hy wat oars mei syn frije tiid dwaan. Hy hie al in pear radio's fan it merk Philips, mar fan dat momint ôf gong it echt oan. Planken fol mei lamperadio's en lûdsprekkers mei allegear bynammen steane yn syn spesjale radioromte.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)