Hea! fan 14 novimber 2016 17:35

It is noch krekt net út de hân rûn; sa sizze Klaas Koning en Elly Rozendaal sels. Begjin oktober helje se alle krystfersiering fan de souder...en dat is nochal wat. Tegearre binne se dan wol in wike oan it bouwen. Yn de húskeamer wurdt in echt krystdoarp bouwd. Elly betinkt it ûntwerp en Klaas is de útfierder. Mar se binne it net altyd mei elkoar iens en dat hat gefolgen...

Irma Boersma is noch mar krekt oan it wurk yn it Kattekafee en wol der no al noait mear wei. By Poespas wurkje minsken mei in lytse beheining. It is net allinnich hiel gesellich, mar elkenien kin ek mei katten krûpe. Noch mar krekt iepen en no al in súkses.

Krystdoarp yn de hûskeamer

Klaas Koning en Elly Rozendaal ha der in hiele klus oan. Yn de hûskeamer bouwe se begjin oktober in krystdoarp op. Dat hat hiel wat om 'e hakken en jout ek wol ris wat argewaasje.

Kattekaffee Poespas yn Ljouwert

By Kattenkafee Poespas yn Ljouwert wurkje minsken mei in lytse beheining. It is net allinnich hiel gesellich, mar elkenien kin ek mei katten krûpe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)