Hea! fan 14 novimber 2014 18:20

Jo kinne der net omhinne. De kikkerts fan Nel Smit fan Aldebiltsyl roppe je fan bûten al ta. It is allegear begûn mei in selsmakke kikkert fan har dochter. Dêrnei is de hobby yn 35 jier útgroeid ta in enoarme kikkerttik en oan elke kikkert sit in moaie herinnering.

Sipke Fokkema fan De Himrik neamt it in sûn firus. En dan hat hy it oer syn bysûndere sammling ierdewurk, mar ek plankefol molkkantsjes. En dan keapet en ferkeapet er ek noch guod út de tiid fan doe. En Fokkema docht ek noch in oprop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)