Hea! fan 14 maaie 2014 17:40

By lear- en wurkbedriuw Buiten Gewoon yn Donkerbroek fine minsken in feilich plak. Ien fan harren is Jappie Hofstra, hy wurke eartiids yn de metaal mar hy krige ûntslach, rekke oerspand en begûn te drinken. No docht hy klussen foar Buiten Gewoon lykas folle mear minsken dy't troch in beheining, in psychiatryske ferline, of in ferslaving net mear oan it arbeidsproses meidwaan kinne. Buiten Gewoon hat ûnder oare in meubelmakkerij, in grienfoarsjenning en in klussebedriuw. Jappie Hofstra fynt it prachtich by Buiten Gewoon. Hy hat syn draai wer fûn.

En Tjeerd en Jehannes Elzinga fan De Westereen lizze in nij reiddak op de buorkerij fan kamping De Blikfeart yn Sint Anne. Jehannes is no alwer de fjirde generaasje yn it famyljebedriuw en dêr binne se grutsk op. Want safolle reiddekkers binne der net mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)