Hea! fan 14 jannewaris 2013

  • Lex Schravendeel

De hynstedagen yn Ljouwert hienen in bysûndere gast, Annika Palm út Sweden. Annika hat sûnt in fal fan har hynder in dwerslaesie en is fan de skouders ôf ferlamme. Dochs kin se noch altyd dressuerride. Yn it FEC yn Ljouwert liet se freed sjen hoe't dat kin. Se hat ek in bysûnder hynder, it Fryske hynder Ylof. Spesjaal yn Fryslân kocht omdat it sa'n rêstich bist is.

Lex Schravendeel fan It Hearrenfean moat dizze wike ôfskied nimme fan syn libbenswurk... Rom 30 jier hat hy wurke oan in diorama fan in Amerikaensk lânskip mei in houttrein en houtseagerij. No is it wurk dien en sil it rom 7 meter lange wurk nei it Spoormuseum yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)