Hea! fan 14 febrewaris 2014 17:40

Haiko van der Werff fan Drachten hat it skûtsje 'de Jonge Trijntje' kocht. Dit skip is yn 1909 boud troch syn oerpake. Mei in tal entûsjaste minsken binne se dwaande om it skip wer yn tradisjonele steat werom te bringen. Dat giet mei 4000 klinken en grof geweld...

Sneon 15 febrewaris fiert toanielferiening Aldegea en Kolderwâlde harren 40 jierrich jubileum. Se binne der hielendal klear foar. En dat hat ek alles te krijen mei de dekôrbouwers Pieter de Kroon en Sible Brandenburg. Se helpe oeral wêr mar nedich yn it doarp en se ha altyd in protte wille...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)