Hea! fan 14 desimber 2011

De teepotten fan Trienke
Trienke Hospes fan Aldegea (Sm) sammelet teepotten. Se hat al 450 stiks yn 'e kast stean en moat hast ophâlde, want safolle plak hat se net mear yn 'e hûs foar har samling. De teepotten komme fan rommelmerken, fan minsken út it doarp en fan 'e kringloopwinkel, dêr't frou Hospes wurket. By it skjinmeitsjen fan de potten kriget se help fan har man Age, dy't it út leafde foar de frou docht. Opmerklik detail: as Grinslanner drinkt se leaver kofje as tee.

Skilderijen fan it Noarden
Anne Vogelzang fan Waskemar hat fan sân ferskate plakken yn Noard-Nederlân in skilderij makke. Mar hy hat dy plakken net samar útsocht. Syn idee wie om út it hert wei it Noarden te skilderjen en neffens him leit Haulerwyk it meast sintraal yn it hege Noarden. Mei de passer op 'e lânkaart hat er syn lokaasjes bepaald. Syn wurk hinget yn it Snackbearske, want Vogelzang is kommende wike 40 jier troud en dêr fiere se it feestje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)