Hea! fan 14 augustus 2014 17:45

As it op de lêste freedtejûn fan augustus tsjuster wurdt, sille de gondels fan Aldeboarn wer farre. En dit jier dogge se dat alwer foar de 69e kear. It doarp feroaret dan yn in wier mearke as de 15 optûgde gondels troch it doarp sleept wurde. Op dit stuit binne hast alle ynwenners fan Aldeboarn wer o sa drok mei it opbouwen fan de âlde preammen. In grut part fan dy preammen oerwinterje yn in sleat tichtby it doarp. Ferline wike waarden de âlde gondels wer nei it doarp sleept. Mar dat gong noch net sa maklik want se sieten sa fêst as in hûs.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)