Hea! fan 14 april 2012

It is hjoed 100 jier lyn dat de Titanic sonken is. In bysûndere dei ek foar Willem Roelfsema, want hy hat álles fan de Titanic. Ek hat Willem de film al mear as hûndert kear sjoen! Ek heit Gerard is troch de Titanic-gekte oanstutsen. Hy is drok dwaande mei it meitsjen fan in 'titanic'.

De hûn fan Esther Wiersma fan Bûtenpost is ferline wike kampioen wurden. It is in Japanske Shiba Inu. Esther hat nóch sa'n hûn, hielendal út Japan, en ek noch in yorkshire terrier. Tegearre mei de beide bern is it der in gesellige boel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)