Hea! fan 13 septimber 2017 17:35

Brêgewipper Louke Jonker moat noch in pear wike. Dan giet de brêge by Follegea wer foar in pear moanne ticht en hat hy efkes frij. Mar at it oan Louke leit soe hy altyd wol op 'syn' brêge sitte wolle. En Grietje Gall is op 94-jierrige leeftyd ferstoarn. Se stie yn Frjentsjer en fiere omkriten rûnom bekind as Oma Don Pedro of Oma Deur. Jierrenlang stie se as portier by de doar fan diskoteek Don Pedro yn Frjentsjer. En dêrmei waard se ek lanlik bekind. Pas op har 78ste hâldt se der mei op.

Bregewipper Follegea

Brêgewipper Louke Jonker kin hast mei fakânsje no't de simmer yn Fryslân wer foarby is.

Oma Don Pedro

Oma Don Pedro wie de âldste portier fan Nederlân.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)