Hea! fan 13 septimber 2016 17:35

De bruorkes Postma fan Waaksens binne al echte boerkes. Mei syn fjouweren meitsje se harren eigen kúlbult, krekt as heit. En troch it waarme waar slagget dat bêst, se binne al mei de tredde snee dwaande. En wa wennet der noch op 'e terp fan Jannum? De pleats stiet leech, en de âlde arbeidershúskes wurde allinnich ferhierd oan toeristen. Aldert en Anneke de Boer hâlde de boel dêr wat skjin.

De Postma's meitsje in kulebult

De fjouwer bruorkes Postma fan Waaksens ha it smoardrok mei it meitsjen fan in kulebult. De boerkes yn 'e dop helje sels it gers op, bringe it oan de bult en lûke it plestik kleed der oer.

De terp fan Jannum

It is stil op 'e terp fan Jannum. Der wennet net ien mear yn de pleats en de tsjerke wurdt net mear brûkt. Allinnich de âlde arbeidershúskes wurde somtiden bewenne troch toeristen. Aldert en Anneke de Boer meitsje se skjin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)