Hea! fan 13 oktober 2016 17:35

Alde tiden komme ta libben mei de Horetha drive in show yn Rinsumageast. Yn de 70-er jierren in fenomeen yn hiel Noardeast-Fryslân, mei de dj's Alex 'Sexy Alexy' Bouma en Henk 'Henri' van Dijk. Ien kear yn it jier komme de fans fan doe, yntusken ek sechstigers, wer nei De Geast om te swingen op echte finylplaatsjes. En de d.j.'s fan doe binne it 'opruien' noch net ferleard.

Horetha

Yn de 70-er jierren wie de Horetha drive in show wrâldferneamd yn hiel Noardeast-Fryslân en fier dêrbûten. Yn Rinsumageast komme de d.j.'s en de besikers fan doe nochris byelkoar om lekker te swingen op de âlde hits en werinnerings op te heljen. De dûnsflier op!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)