Hea! fan 13 oktober 2014 18:20

Hjoed is it grut feest yn Minnertsgea. Afke Dijkstra is 40 jier juf en ek nochris 40 jier oan basisskoalle Wizebeam yn Minnertsgea. Der wurdt grut útpakt. Mei in prachtige oldtimer en it grutte Juf Afke-liet. De bern út har eigen groep sille dêrby wêze, mar ek in hiel soad minsken dy't oait by har yn de klasse sitten ha.

Jacob Roorda stiet foar in dreech beslút...bewarje of ferneatigje. Jacob makket al syn hiele libben makettes en yntusken stiet syn hiele hûs fol. Hy hat û.o. Prinsjesdag útbylde mei de gouden koets op it plein fan de Twadde Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)