Hea! fan 13 novimber 2014 18:20

Yn Tsjerkwert stiet in machtich moaie beamhutte en dy is makke troch de bern út it doarp. Se wurkje der alle dagen mei har allen oan. Hout sykje, spikerje en slepe. Om it jild foar nije planken of spikers byinoar te krijen, leverje se lege flessen yn. It is hurd bealgjen, mar de timmermanlju en -froulju fan Tsjerkwert binne supergrutsk...

Fan 11 novimber oant en mei 19 desimber hâldt Omrop Fryslân de aksje 'Samen voor de Voedselbank'. Yn Hea! nimt Stoffer Feenstra, frijwilliger by de itensbank, ús hjoed mei. Hy is sjauffeur en rydt trije dagen yn de wike mei in buske om guod op te heljen by supermerken. Hy fynt it moai wurk en soe eins de hiele wike wol ride wolle. Hy snapt hiel goed dat der minsken binne dy't it iten nedich ha, want hy hat it sels ek net sa breed...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)