Hea! fan 13 maaie 2014 17:40

Thomas Kooistra fan Frjentsjer wie as lyts jonkje al gek fan buorkjen, woe dan ek boer wurde en dat is er no. Thomas hat krekt eksamen dien op it Nordwin College as feehâlder en is dêrfoar slagge. En yntusken is Thomas ek al foar himsels begûn.
Hy hat 100 skiep kocht en dy lit er op dit stuit lamje yn in stâl yn Rie. Yn lammertiid moat de boer der altyd wêze en dus is Thomas der 24 oeren deis.

Hjoed is it Lady's Day op de drafbaan fan Wolvegea. Sa'n 40 Makkumer froulju binne dêr hinne en se sjogge der foar dizze gelegenheid ekstra bysûnder út. Se drage allegear prachtige klean en ha allegear in hoed op, makke troch ien fan de froulju dy't ek mei is

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)