Hea! fan 13 juny 2014 17:40

Yn Balk is in grutte folkstún dêr't foaral in soad manlju te finen binne. Dit jier hat der in aksje west om mear minsken en foaral froulju by de tunen te belûken. En dat is slagge !
Celina Albada seach de oprop en hie der wol nocht yn, mar net hielendal allinnich. Celina hat trije kollega's út de thússoarch frege en yntusken is it sa dat de froulju mei syn fjouweren geregeld op de tún te finen binne. Der wurkje wol mear froulju op de tún, mar sa'n kwartet falt wol op.

Ut it Hea! argyf sjogge wy hjoed nei de Hea! ôflevering fan 14 jannewaris 2014.

Freerunne wurdt hieltyd populêrder. Springe oer dakken, by muorren omheechrinne ensfh. Wy sjogge hoe't it der oan tagiet by gymnastykferiening SV Donkerbroek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)