Hea! fan 13 juny 2013

  • Vakcollege Sevenwolden

Op it fakkolleezje fan Sevenwolden op It Hearrenfean hawwe in groep jonges in 'knettergekke ketting' makke. Se dogge mei oan in lânlike opdracht dêr't bern in masine meitsje moasten dy't yn safolle mooglik technyske stappen in bal yn in doel sjitte kin. In hiel klaslokaal hawwe se der foar yn gebrûk naam. De jonges binne tige grutsk op harren kettingmasine.

En in werhelling fan 17 jannewaris 2013:
Eelco Dijkstra fan Sumar hâldt fan nostalgysk guod. Syn hûs is der mei ynrjochte, hy rydt yn in âlde auto en sels op it iis sjocht Dijkstra der nostalgysk út. Yn Frysk kostúm giet hy mei syn selsmakke prikslide oer it iis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)