Hea! fan 13 july 2013

  • Klaas en Afke Dijkstra

Klaas Dijkstra fan Jistrum is krekt 90 jier wurden. Hy is nog tige warber en wennet noch op himsels tegearre mei syn frou Afke dy't ek al 86 jier is. It petear giet oer de oarloch, it houlik, pykjespringen en 'wa is dy man dêr yn 'e hoeke'.

En in herhelling fan de Hea! fan 17 april 2013
Gilbert IJsselmuiden hat in bysûndere wein, in âlde legerjeep dy't brûkt is troch it Reade Krús. De namme fan de wein is ek bysûnder 'the Iron Nurse' en de jeep hat sels in karikatuer fan Margaret Thatcher op de wein. Gilbert Ijsselmuiden brûkt de jeep regelmjittich om der mei nei syn oare hobby te riden. Hy is ek moolner op de Puollen by Dronryp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)