Hea! fan 13 febrewaris 2013

  • hinnen mei jaskes yn Twizelerheide

Op it hiem fan Jacqueline Verbruggen yn Twizelerheide rinne hiel wat bisten om. De iene wat begrutliker as de oare. Jacqueline fangt ûnder oare lishinnen op, dy't troch de stichting 'Red een Legkip' rêden binne fan de slacht. Dizze hinnen binne hielendal keal en dat is net bêst yn it winterwaar. Se rinne mei pikefel om en dêrom hawwe frijwilligers derfoar soarge dat de hinnen in jaske krigen hawwe.

Frou Roorda fan Wytgaard hat har hiele libben yn plakboeken fêstlein. Al hiel jong is se begûn en no lizze der - 80 jier letter - steapels en steapels boeken mei selsmakke foto's en kranteknipsels. Oer fakânsjes en it boerelibben, mar ek oer de ûnderdûkers en oer de famylje, sa as oer har jong ferstoarne dochter. No't frou Roorda har plakboeken werris foar it ljocht helle hat, komt ek har man ta ûntdekking dat it der eins wol in hiel soad binne. En wêr moatte de boeken aanst hinne, as se der net mear binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)