Hea! fan 13 desimber 2012

Yn kwekerij de Triemen sitte se yn dizze tiid de hiele dei yn de Ilex verticillata, oftewol de hulst. Sortearje, mjitte, bine ... ek Max fan 7 helpt mei. It is syn earste echte bybaantsje. It smyt net folle op, mar oars slacht de ferfeling mar ta seit er.

Jelle Bouma himmelet alle moandeis de flier fan de sporthal yn Easterein. It is in hiele oerflakte dy't Jelle mei syn masjine berinne moat. Gelokkich is der wol tiid foar in smookje sa no en dan. En futter Jan De Boer komt dan graach del foar in praatsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)