Hea! fan 13 desimber 2011

Op de St. Ludgerus skoalle yn Balk is hjoed in bysûndere fiering hâlden. It Lucia-feest waard dêr fierd troch alle bern. Lucia libbe yn 'e Romeinske tiid. Sy koe alles krije wat se nedich hie, mar seach ek dat der minsken wienen dy't it net sa goed hienen. Dêrom dielde se bôle út oan earme minsken. Omdat dat net tastien wie, die se dat nachts. Lucia droech dêrom in krâns mei kearsen op 'e holle. Op skoalle wie der fan 'e moarn ek in Lucia mei in kearsekrâns en in saneamd stjerrebern dat koekjes útdielde oan de bern en de âlden.

Yn Goeie! sjogge wy hoe't op De Gordyk in kafee al yn 'e krystsfear brocht wurdt.

Yn Drachten hat frou Dupon ek har krystfersiering al klear. Sy hat har krystdoarp te pronk stean yn 'e keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)