Hea! fan 13 augustus 2014 17:45

Ate Zijlstra fan Harns wurket sûnt febrewaris '85 bij de gemeente Harns en nimt nei hast 30 jier ôfskied. Hy wurdt ek wol de twadde boargermaster fan Harns neamd. Hy wit alles, sjocht alles en elkenien rint by him del mei alle problemen fan de dei. Fan oarsprong is Ate in Boalserter, mar yntusken al salang yn Harns dat hy him in echte seun fielt. Op syn lêste wurkdei rinne der ek noch wat oare seunen by Ate binnen.

Ut it Hea!-argyf sjogge wy hjoed nei de Hea!-ôflevering fan april dit jier. Klaas Lenstra is moolner fan de mûne Windlust yn Wolvegea en dêr bringt hy de measte tiid fan de dei ek troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)