Hea! fan 13 april 2016 18:20

De sporthal op De Jouwer wie fol mei bern, mar net mei sportende bern. 300 bern fan njoggen jier krigen mar leafst twa prikken tagelyk. It gie om herhellingsprikken fan de babyfaksinaasje. De bern witte net allegearre wêr’t de prikken krekt foar binne. Mar foar de measten is it wol hiel spannend fansels, wylst oaren hiel stoer binne en der neat fan fernimme.

Arie Algra fan Drachten is besmet mei it Jaguar firus. Der sit sels in Jaguar horloazje om syn pols. Algra hat no twa âlde Jaguars, ien is klear en ien leit noch út elkoar Hy hat ek fjouwer oare âlde auto’s restaurearre mar de Jaquar springt der út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)