Hea! fan 13 april 2015 18:20

"Want it is lekker op de trekker". Tjerk Greidanus fan Spannum hie gjin hobby, mar prutst graach wat om. Ta beslút foel de kar op de Farmall trekker. Tjerk en syn freondinne binne der beide sljocht op en ûnderwilens ha se seis trekkers. Hjoed hellet hy se út de wintersliep en tegearre mei syn freondinne hat hy der wer nocht oan om mei de trekkers op 'en paad te gean.

Rommel, troep, soai! Yn 'e havens fan Harns leit swalkôffal. Wapene mei in skepnet fisken de learlingen fan de Maritime Akademy de troep út it wetter. ‘Samen Fryslân Schoon’. Mar wat soe in goede oplossing wêze om dat echt te berikken?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)