Hea! fan 12 septimber 2016 17:35

Afke Valkema fan Ouwe-Syl roait noch mei de hân har ierappels. Alle jierren giet se mei in ploechje freonen in pear dagen lang troch de knibbels. En bakker Johannes Huizenga fan Menaam is gek op grapkes. Yn syn reklameboadskippen mar ek mei de klanten hellet er graach in geintsje út.

Wrotte yn 'e Biltske klaai

Afke Valkema fan Ouwe-Syl leit alle jierren in pear dagen mei in groepke manlju yn de Biltske klaai. Dan wurde de ierappels noch mei de hân roaid, en ûndertusken wurdt it lêste nijs bepraat.

De waarmste bakker fan Menaam

Foar bakker Johannes Huizenga fan Menaam binne grapkes en mâle fiten de slachrjemme op'e taart. De bakker wit oeral wol in moai swetsferhaal fan te meitsjen. En hy kin sels syn eigen jild meitsje...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)